Paul Boswijk is afigurative painter based in Holland and was born in Paul studied at the Art Academy Minerva in Groningen.
Paul Boswijk (Arnhem, 1959) was educated at the Art Academy Minerva in Groningen.
Paul Boswijk ( Arnhim 1959 ) is in byldzjend keunstner út Grins. Hy learde it ambachtlik skilderjen oan de Akademy Minerva yn de stêd Grins.
As Boswijk in skilderij opset, makket er faak in skets foarôf op papier fan deselde grutte as't it skilderij wurde moat. Dan bringt er it oer op it mei katoen beplakte paniel. Ek wurket er faak mei linnen dêr't hy daliks syn foarstellingen yn oaljeferve mei sketst. De doeken binne bytiden wat ympresjonistysk skildere.
Foar Paul Boswijk is de ljochtfal, kleurstelling en komposysje fan grutter belang as de oanlieding ta it skilderij. It ljocht falt faak yn brede banen troch in raam nei binnen of skynt filtere troch blêden op in antlit. Hy brûkt dêrfoar faak minsken yn in bepaalde situaasje. In frou dy't de jurk tichtritst of in man oan it brea-iten en net yn de gaten skine te hawwen dat se ôfbylde wurde. De taskôger bliuwt sadwaande op ôfstân en fielt him bytiden wat in strúnjeier. De romtes wêryn de persoanen realistysk ôfbylde wurde binne fakentiids wat nachtlik of skimerich. It ljocht jout sadwaande in yn dit clair-obscur effekt. Foar de libbendichheid is der faak in kleurryk elemint te sjen.
Eksposysjes fan him wienen te sjen by galery Mokum yn Amsterdam, Galery WIEK XX, Grins (no Nieuweschans) en fan 2006 ôf by Galery Zofier yn Nijskoat.
Nessun commento:
Posta un commento
Info sulla Privacy